Jakob (aartsfaar): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 34:
== Jakob werom yn Kanaän ==
[[File:Peter Paul Rubens 185.jpg|thumb|left|250px|De fermoedsoening fan Jakob en Ezau ([[Peter Paul Rubens]], 1625-1628)]]
Doe't Jakob Kanaän nadere stjoerde hy boadkippers nei syn broer Ezau. Dy kamen werom mei it boadskip dat Ezau Jakob yn 'e mjitte komme woe mei 400 man. Dêr skrok Jakob tige fan, want hy tocht dat Ezau wraak nimme woe en dêrom liet hy de karavaan splitse sadat der altiten in groep oerbleau as Ezau ien fan beide groepen ferslaan soe. Ek liet hy keppels fee gearstalle, dy't mei feinten foar Jakob op gean moasten en as geskink foar Ezau tsjinje moasten om Ezau geunstich te stimmen.
Yn de nacht foar't Jakob Ezau moetsje soe, wraksele Jakob oerenlang mei in man. Doe't it oan it lemieren ta wie woe de man ophâlde, mar Jakob woe de man allinnich gean litte as hy de segen krige. Fan de man krige Jakob de namme Israel, want hy hie striden mei God en de minsken en hy koe se oan. Dit wie de lêste kear dat in minske lichaamlik kontakt mei God hie. De oare deis seach Jakob syn broer Ezau sûnt lange tiid wer en oars as Jakob tocht hie wie Ezau him geunstich stimd.<ref>Genesis 32</ref>