Judas Iskariot: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L st
Rigel 5:
Judas gyng de skiednis yn as dejinge dy't [[Jezus Kristus|Jezus]] by de joadske autoriteiten oanbrocht. Foar [[tritich sulverstikken]] ferkocht hy syn Master en wat der op folge wie in skynproses mei as gefolch de feroardieling fan Jezus ta de krúsdea.
 
Oer it motyf fan syn ferried bestiet gjin ienriedigens. Mooglik wie it in jildkwestje, want Judas wie in ynklausk persoan, mar it kin ek polityk west ha en dat Judas teloarsteld rekke om't Jezus gjin fûle strider waard tsjin de romeinske oerhearskers of in kombinaasje fan meardere motiven. De [[Bibel]] hâld dit yn 'e midden en skriuwt dat Judas ûnder ynfloed fan de duvel kaam.
 
Neffens it [[evangeelje fan Mattéus]] krige Judas neitiid spyt fan syn ferried en makke hy in ein oan syn eigen libben troch himsels te ferhingjen.