Rinsumageast: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 24:
 
== Bynamme ==
De bynamme foar ynwenners fan Rinsumageast is 'Hûnewippers'. Dizze term komt út it hûnegoaien dat earder organisearre waard op de merke fan it doarp. Op de earste freed fan septimber wie der hynstemerk en de oare deis merke. De nije bewenners yn Rinsumageast moasten dy sneon mei bleate holle ûnder de flagge trochrinne, dy't trijeris oer har hinne swaaid waard. Se wienen dan ynwijd en opnomd yn de doarpsmienskip. Der moast dan noch wol in 'foai' jûn wurde, dy't letter yn de herberch yn drinken omsetten waard. As slotnûmer kaam dan it "hûnewippen" op de brêge. De bedoeling wie ien of mear hûnen te fangen. Inkele manlju stienen al ree mei in koarde dat men slop hingje liet. Yn de midden waard de hûn dêrop setten, wêrnei't it tou mei krêft oanlutsen waard. Sa waard de hûn oer de feart yn 'e midden fan it doarp hinne gisele. Manlju stienen dan ree om de hûn te heinen. As soks mislearre klapte de hûn op de stiennen. Tsjintwurdich wurdt dit net mear mei libjende hûnen dien.
 
== Aleksandertsjerke ==