Ferskil tusken ferzjes fan "Hegewei (Smellingerlân)"

L
st
L (st)
De Noarder- en Suderhegewei waarden troch de [[Leppa]] (sjoch [[Eastergoa]]) as wetterkearing beskôge. De dyk moast it opwaaide wetter fan de Wide- en Smelle Ie tsjin hâlde. Yn [[1453]] wurdt de dyk neamd yn ferbân mei de feilichheid fan reizgjende keaplju. Guon binne lykwols fan betinken dat de dyk oardel iuw âlder wêze kin en dat de wettersteatkundige organisaasje om de dyk hinne mei beskiedend west hat foar de ienheid en grutte fan de [[gritenij]]. De wei wurdt ek ferskate kearen neamd yn de [[17e iuw]]. De eigeners fan 360 perselen oan de wei wienen doe ferantwurdlik foar it ûnderhâld.
 
De Noarderhegewei rûn fanôf de Piip yn de [[Drachtster Feart (wetter)|Drachtsterfeart]] yn 'e rjochting fan [[De Kletten]] (ûnder [[De Pein]]) en krúste de [[Burmaniasleat]] dêr't op dat plak yn [[1603]] noch in [[fallaat]] wie. De dyk rûn fierder nei de [[Aldegea (Smellingerlân)|Aldergeasterdyk]].
 
De Suderhegewei rûn besuden de Piip nei de himrik fan [[Koartehimmen]]. Hjoed-de-dei hat it stik besuden de [[A7]] noch frijwat fan syn karakter fan foar't de wei autodyk waard beholden.
11.740

bewurkings