It Neifolgjen fan Kristus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Nammen fan fjouwer dielen krekt as yn de oersetting fan De Vries
 
Rigel 29:
 
==Ynhâld==
''De Imitatione Christi'' bestiet út fjouwer dielen of traktaten, wêrfan't it earste as titel hat: ''GoedeNuttige Riewinken foar it Spirituëlegeastlik Libbenlibben''. Dêryn behannelet Tomas fan Kempen it jin weromlûken út it uterlike libben, ynsafier't jins plichten jin dat tasteane, en dêrfoar yn it plak it jin talizzen op in ynderlik libben troch alles dat idel en yllúzje is ôf te swarren. Men moat jin net fan dat rjochte paad ôf bringe litte troch de ferliedings en ôfliedings fan it deistich libben, mar leare om grutskens en leardens op te jaan en nederich te wêzen, nettsjinsteande wat [[teolooch|teologen]] of oaren dêr ek fan tinke meie. Men moat leare om geduldich it tsjinsprekken en de minachting fan 'e wrâld te ferdragen sûnder derop yn te gean. Dêrby leit Tomas de klam op it belang fan allinnich-wêzen en stilte. Men moat meditearje oer de dea en libje as wie men in pylger en frjemdling op 'e ierde, mei't de ierde foarbygiet, mar it [[leauwe]] ivich is.
 
Yn it twadde diel, ''RjochtlinenOpweitsingen foar in Ynderlikynderlik Libbenlibben'', bordueret Tomas fierder op 'e tema's fan it earste diel. Hy jout ynstruksjes oangeande ynderlike frede, suverens fan it hert, in oprjocht gewisse, it bedimjen fan jins langstmen en winsken, it dwaan fan geduld en it ûnderwerpen fan jins wil oan [[God]]. Hy wol hawwe dat God dyjingen ferdigenje sil dy't in skjin gewisse hawwe, en dat wa't God helpt nimmen kweadwaan kin. Men moat it goede net oan jinsels taskriuwe, mar ynstee oan God, en men moat tankber wêze foar alles dat God jin jout. Hy beëiniget dit diel mei te sizzen dat as men jins krús willich draacht, it jin liede sil dêr't jin hinne wolle, mar dat as jin it mei tsjinnichheid drage, it in swierdere lêst wurde sil as dat men ferneare kin.
 
It trêde diel, ''OerDe Ynderlikeynwindige Treasttreast'', is it langste fan 'e fjouwer. It hat, oars as de earste beide dielen, de foarm fan in dialoochpetear tusken [[Jezus Kristus]] en ien fan dy syn dissipels. Dêrby leart Jezus syn dissipel dat de rop fan it fleis gauris lûder is dy fan 'e spiritualiteit, mar dat de grutte kloften lju dy't nei dy rop harkje, op in dwaalspoar sitte. Men moat jin oerjaan oan 'e godlike wil en jinsels en jins eigen wil safolle mooglik fuortsiferje. Men hoecht net yn te sitten oer de takomst; want as men yn 'e grutste noed ferkeart, krekt dan is God jin it neist.
 
It fjirde diel, ''OerGodfruchtige itopweitsing Hillichta Sakramintde hillich Kommuny'', hat krektlyk de foarm fan in dialooch tusken Jezus en in dissipel. Tomas fan Kempen leit hjir Jezus de wurden yn 'e mûle dat troch de fiering fan it [[hillich jûnsmiel]] de krêft fan 'e minsklike siel fuortsterke wurdt. Wat gauwer oft men jin folslein oan God oerjout en net mear lykfolwat út eigen wil of geniet siket, wat gauwer oft men mei God feriene wêze en frede kenne sil.
 
==Fryske oersetting==