Fryske Wâlden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st, Frysk: 'steden' -> 'stêden', sjoch https://w.wiki/TZ7
L st
Rigel 13:
 
== Lânskip ==
It gebiet leit meast heger as it noarden en westen fan de provinsje, en bestiet út sân- en feangrûn. De Fryske wâlden lizze oan de noardwestside fan it [[Drintsk Plato]] en troch beken en rivierkes binne brede beekdellings ûntstien, fan inoar skieden troch sânrêgen. De streek hat har namme te tankjen oan de protte bosken en houtwâlen, mar tsjintwurdich wol dat net sizze dat "wâld" in boskgebiet is, it is mear in gebiet mei leech hout. De houtwâlen om de greiden en ekers soargje foar it karakteristike lytsskalige [[kûlisselânskip]]. Fierders falle de lytse pleatskes op. De foar Fryslân sa typyske terpebou ûntbrekt yn 'e wâlden.
 
== Befolking==
De befolking fan De Wâlden hat in mear mingd karakter as dy fan de Fryske kuststreken. De grutte en min tagonklike heidefjilden hawwe iuwenlang ûnderdak bean oan ferskate groepen migranten, dêrûnder [[Westfalen (streek)|Westfalen]], [[Saksen (folk)|Saksen]], [[joaden]] en [[sigeuners]]. Neffens guon docht it temperamint yn 'e Wâlden wat 'súdlik' oan.
 
=== Kultureel en taalkundich ===