Wassenaar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
LNo edit summary
Rigel 27:
Wassenaar bestiet út in doarpskearn en hat boskige omkriten mei in protte filla's en grutte huzen. In protte dêrfan binne fanâlds [[bûtenpleats]]en, simmerferbliuwen foar begoedige stedslju. Njonken begoedige bewenners húsmanje der bedriuwen en [[Konsulaat (diplomasy)|konsulaten]]. [[Willem-Alexander fan de Nederlannen|Kening Willem-Alexander]] en [[Máxima Zorreguieta|keninginne Máxima]] hawwe der in hûs op [[bûtenpleats Eikenhorst]]. [[Duinrell]] wurdt brûkt as [[pretpark]]. Ek [[Drafsport|draafbaan]] [[Duindigt]], de ienich oerbleaune gers-hurdraversbaan yn Nederlân, leit yn Wassenaar.
 
Yn it sintrum fan Wassenaar stiet de âde [[romaanske arsjitektuer|romaanske]] doarpstsjerke dy't foar in part út de 12e iuw stammet, en dy't yn de 16e iuw foar in part fannijs boud wurde moast nei fernielings yn it begjin fan de [[Tachtichjierrige Oarloch]]. In deze kerk werd prinsesse [[Alexia fan de Nederlannen|Alexia]] doopt. Neist in lyts tal âlde doarpshuzen stiet dêr ek de achtjindeachttjinde-iuwske wynmûne [[Windlust (Wassenaar)|Windlust]].
 
Wassenaar grinzget oan it doarp [[Foarskoat]] wêr't fanâlds in mienskiplike skiednis mei hat.