Antígoné: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
L red
Rigel 14:
| oarspr. útjouwer =
| rige = [[Tebaanske Trilogy]]
| foarich diel = ''[[Oidipoes yn Kolonos]]''
| folgjend diel =
| bondel =
Rigel 27:
}}
'''''Antígoné''''', yn it oarspronklike [[Aldgryksk]] '''Ἀντιγόνη''', '''''Antigonē''''', is in [[toanielstik]] fan 'e hân fan 'e grutte [[Grikelân|Grykske]] [[toanielskriuwer]] en [[dichter]] [[Sofoklês]] ([[496 f.Kr.|496]]-[[406 f.Kr.]]). It is in trageedzje dy't diel útmakket fan 'e saneamde ''[[Tebaanske Trilogy]]'' (mei ''[[Kening Oidipoes]]'' en ''[[Oidipoes yn Kolonos]]''), wêrfan't it it trêde diel foarmet, al is it as earste skreaun. In oare Grykske toanielskriuwer, [[Euripides]], hie ek in stik dat fan ''Antígoné'' hiet, mar dat is op in pear fragminten nei ferlern gien. Yn ''Antígoné'' is de haadrol weilein foar Oedipoes syn dochter Antígoné, dy't foar in dilemma komt te stean: it earfolle dwaan en dan ta de dea feroardiele wurde, of har slûksturtsjend katoen hâlde en trochlibje. Hja kiest foar de earfolle wei, wat in katastrôfe opsmyt foar it keningshûs fan [[Tebe (Grikelân)|Tebe]]. Sofoklês skreau dit toanielstik yn of foàr it jier [[441 f.Kr.]], doe't it opfierd waard as ûnderdiel fan 'e toanielwedstryd op it [[Atene|Ateenske]] [[Feest fan Dionysus]]. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] ferskynde yn [[1991]].
__TOC__
 
==Ynhâld==
''Antígoné'' spilet nei de dea fan [[Oidipoes]] yn ''[[Oidipoes yn Kolonos]]''. Syn soannen Poluneikês en Etéoklês binne beide omkommen yn harren striid om 'e macht yn 'e stêdsteat Tebe. De nije kening is sadwaande Oidipoes syn sweager, Kreoon, wurden. Dy hat besletten dat Etéoklês yn syn rjocht stie en dat Poluneikês in opstanneling wie, en dat dylêste dêrom ûnbegroeven op it slachfjild lizze bliuwe moat, sadat er opfretten wurde sil troch de wylde bisten, wat yn it âlde Grikelân ien fan 'e slimste straffen wie dy't in minske oerkomme koe. In elk dy't him net oan Kreoon syn beslút hâldt, sil sels deadien wurde.