Boer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st.
L st; fl
Rigel 22:
De boer ûntstie yn de [[neolityske revolúsje]] doe't de minske oergie fan in maatskippij fan nomadyske [[jager-samler]]s ta in agraryske mei in fêste plak. In stik bosk waard platbaarnd en waard in skoft beplante of beweide. Sadree de grûn tenein wie, ferfear men nei in oar stik. Troch it útfinen fan be[[dong]]jen waard it mooglik en festigje jin op in fêst plak. Sa ûntstiene boeredoarpen dêr't lânbou en feehâlderij holden waard.
 
Yn 'e Midsiuwen ferlearen in soad boeren yn [[Jeropa]] harren frijheid troch it [[feodale stelsel]]. Yn Fryslân wie der lykwols gjin sprake fan in feodaal systeem ([[Fryske Frijheid]]), want der wie in [[jild]]ekonomy en koe der mei jild betelle wurde yn plak fan in part fan de rispinge sa as by it feodale systeem. Sa koene de frije boeren lân hiere fan eallju of fan grutgrûnbesitters. Guon mei it measte lân yn besit, hiene ek de measte stimmen om in [[grytman]] te kiezen. Yn [[Dútslân]] wiene der ek wol boeren dy't harren frijheid en hiem hâlde koene, en waarden [[warboer]]en (''Wehrbauer'') neamd. De lytse boeren folgen letter ek en sa ûntstie yn benammen [[Grinslân]] en [[East-Fryslân]] en minder yn [[Westerlauwersk Fryslân]] in grut ferkil tusken [[grutboer]]en, [[gernier]]en en [[boere-arbeider]]s. Yn de [[njoggentjinde iuw]] late dat ta sosjale spannings.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Rigel 29:
{{Commonscat|Farmer|Boer/Lânbouwer}}
}}
 
 
 
 
 
[[Kategory:Boer| ]]