The Hurt Locker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Rigel 128:
Minder fan 'e film sjarmearre wie Derek Elley fan it tydskrift ''[[Variety (tydskrift)|Variety]]'', dy't ''The Hurt Locker'' "oangripend" fûn, mar ek fêststelde dat de film himsels ferswakke troch "de dizenige (en bepaald net orizjinele) [[psychology]]." Hy skreau fierders dat it [[senario]] fan 'e film symptomen sjen liet fan "keunstmjittich rikken nei karakterferdjipping." [[Tara McKelvey]] fan ''[[The American Prospect]]'' wie fan miening dat ''The Hurt Locker'' poere [[propaganda]] foar it [[Amerikaanske Leger]] wie, dy't him sels ferskûle efter kwasy-anty-oarlochssentiminten. Hja skreau: "Je fiele empaty foar de soldaten as se sjitte," mar se wiisde ek op 'e ferskate [[oarlochsmisdie]]den dy't dêrby suver ûngemurken foarby glûpe. Se konkludearre: "Nettsjinsteande al it grafysk werjûne geweld, bloedige ûntploffings en, letterlik, de ôfslachting fan minsken, is ''The Hurt Locker'' noch altyd ien fan 'e effektyfste [[rekrutearring]]shelpmiddels foar it Amerikaanske Leger dy't ik ea sjoen haw."
 
Op 'e [[webside]] [[Rotten Tomatoes]], dy't [[resinsje]]s sammelet, hie ''The Hurt Locker'' in tige heech goedkarringspersintaazje fan 97%, basearre op 283 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film]] is in goed aktearre, yntins filme oarlochsepos dat fol sit mei aksje. […] [It] is oant safier de bêste fan 'e resinte dramatisearrings fan 'e Irakoarloch.' Op [[Metacritic]], de wichtichste [[konkurrint]] fan Rotten Tomatoes, behelle ''The Hurt Locker'' in goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 37 resinsjes.
 
==Historisiteit==