Pieter Verhoeff: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st: 'yn't foarste' -> 'yn 't foarste'
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Rigel 22:
Verhoeff folge de [[Nederlânske Filmakademy]], dêr't er yn 1966 ôfstudearre. Hy waard yn 't foarste plak bekend fan de spylfilms ''[[Het teken van het beest]]'' (in ferfilming fan de [[roman]] ''De houn sil om jim bylje'' fan [[Rink van der Velde]] oer [[IJje Wijkstra]], dy't yn 1929 fjouwer [[fjildwachter]]s deaskeat), ''[[De Dream]]'' (oer de [[Hogerhuis-saak]] yn 1895), en ''[[Nynke]]'' (oer [[Nienke van Hichtum]] en [[Pieter Jelles Troelstra]]). Omdat dy films alle trije yn [[Fryslân]] splen, wie Verhoeff wolris benaud om as ''de streek-romancier van de Nederlandse film'' beskôge te wurden.
 
Njonken [[spylfilm]]s makke Verhoeff fan de jierren santich ôf ek [[dokumintêre]]s. Faaks is er ek de earste Nederlânske regisseur west dy't in pseudo-dokumintêre makke, ''Rudy Schokker huilt niet meer'' út 1972 ( mei in senario fan [[Gerben Hellinga]]). Ek regissearre er ôfleveringen fan ''[[Het Gat van Nederland]]'' en wie er de earste regisseur fan ''[[Jiskefet]]''; hy wie ek de betinker fan de titel fan dat programma. Yn 1988 wie Verhoeff de gast yn it praatprogramma ''[[Zomergasten (telefyzjeprogramma)|Zomergasten]]''. Yn ''De fjoertoer'', dy't him ôfspilet om de [[fjoertoer fan De Lemmer]], ferhelle er in stik fan syn eigen skiednis en fan syn broer, in [[Polysjonele Aksjes|Ynjegonger]] dy't nei't er weromkaam wie net mear aardzje koe.<ref>''Regisseur Pieter verhoeff (81) overleden'', Frysk Deiblêd, 19 april 2019</ref>.
 
Yn 2007 regissearre er de telefysje-útstjoeringen fan [[Radio Bergeijk]] foar de [[VPRO]].