Stabij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Breeding.jpg ferfange troch Stabyhoun_with_11_puppies.jpg (troch CommonsDelinker om't: file renamed or replaced on Commons).
Rigel 21:
 
Histoarysk waarden stabijen yn 'e regel hast útslutend troch lytse [[boer]]en, [[komelker]]s en [[gernier]]s holden, dy't it net sa rom hiene en sadwaande in hûn brek wiene dy't foar alle putsjes ynsetber wie, ynstee fan in spesjalisearre jachthûn, in aparte hiemhûn en ek noch in dêrfoar fokte lûkhûn deropta. Om 'e eigenskippen fan 'e stabij te optimalisearjen, waard er foarhinne gauris krúst mei in oar âld Frysk hûneras, de [[wetterhûn]]. Tsjin 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] late dat der ta dat de stabij suver útstoar, mar yn [[1942]] waard der troch stabij-eigners in rasferiening oprjochte dy't bedoeld wie om 'e stabij fan 'e ûndergong te rêden. Krusen mei wetterhûnen waard doe grutdiels mei opholden.
[[File:BreedingStabyhoun with 11 puppies.jpg|right|thumb|250px|In stabijteef mei 11 jonghûntsjes.]]
 
Tsjintwurdich bestiet der yn [[Nederlân]] in beskieden tal fanatike stabij-leafhawwers, dy't de hûn ornaris foar selskip of sport hâlde. It stamboek fan 'e stabij wurdt beheard troch de Nederlânske Feriening foar Stabij- en Wetterhûnen (NVSW). Ek yn it [[Feriene Keninkryk]], [[Noard-Amearika]] en [[Skandinaavje]] wint it ras oan populariteit. Wrâldwiid wurdt de stabij erkend troch de [[Ynternasjonale Kynologyske Federaasje]] (FCI) as ûnderdiel fan rasgroep 7, seksje 1, mei it rasnûmer 222. De [[Feriene Kennelklub]] (UKC) erkent de stabij (noch) net. Yn [[2013]] waard de stabij beskôge as ien fan fiif seldsumste hûnerassen yn 'e wrâld, mar it oantal nimt stadichoan ta. Der binne op 't heden wrâldwiid sa'n 3.500 orizjinele stabijen. Sûnt de milenniumwiksel binne guon stabij-eigners dermei úteinset om har hûnen te krusen mei [[Labrador-retriever]]s. De resultearjende hûnen lykje sterk op Labradors, mar hawwe mear it (koppiger) karakter fan 'e stabij.