Orléans: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 41:
== It besjen wurdich ==
* It ''Maison Jeanne d'Arc'' is it hûs dêr't Jeanne yn 1429 wenne. It hûs waard yn de Twadde Wrâldkriich ferneatige, mar mei âld materjaal neitiid rekonstruearre.
* De ''[[Katedraal fan Orléans|Cathédrale Sainte-Croix]]'' (Katedraal fan it Hillich Krús) is oarspronklik in 13e iuwsk bouwurk. [[Hugenoaten]] fernielden it gebou foar it measte (útsein it 3e en 4e [[travee]] fan it [[Skip (tsjerke)|skip]]), sadat it grutste diel fan de katedraal fanôf it begjin fan de 17e iuw datearret. Ek de Dútsers en Amerikanen feroarsaken yn de [[Twadde Wrâldkriich]] grutte skea oan it gebou. Oare monumintale tsjerken yn it histoaryske sintrum binne de ''Saint-Aignan'' oan de Rue du Cloître Saint-Aignan, de ''Saint-Paterne'' oan de Rue Bannier, de ''Saint-Euverte'' oan de Rue de l'Etelon, de ''Notre-Dame-de-Recouvrance'' oan de Rue de Notre-Dame-de-Recouvrance en de ''Saint-Donatien'' oan de Rue de la Charpenterie.
* Yn it ''Musée de Beaux Arts'' is Frânske keunst fan de 15e oant 20e iuw te sjen.
* It troch de famylje Groslot boude ''Hôtel Groslot'' wie eartiids û.o. it ferbliuw fan de Frânske kenings [[Frâns II fan Frankryk|Frâns II]] en [[Karel IX fan Frankryk| Karel IX]] en keninginne [[Katarina de' Medici]].