Robert Louis Stevenson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 32:
== Libben ==
Stevenson waard berne yn Edinburgh as soan fan yngenieur [[Thomas Stevenson]] (1818–1887) en Margaret Balfour. Syn âlden wiene tige religieus, mar hysels ferlear it leauwe yn syn stúdzjetiid op de universiteit, alhoewol't it wol ynfloed op him hâlde soe.
Yn syn koarte libben ûndernaam er in soad. Hy waard ynearsten yngenieur, lykas syn heit (dy't it ûntwerp fan de fjoertoer modernisearre). Om reden fan swakke sûnens gie er lykwols oer op rjochtestúdzje, mar hy hat nea praktisearjend jurist west. Op 'e ein fan syn libben wie er plantaazjehâlder en stamhaad yn [[Samoa]].
 
Hy makke ferskate reizen nei it keninkryk [[Hawaï]] en waard freon fan kening David [[Kalakaua]], by wa't er in protte omsloech. Teffens krige er kunde oan dy syn nicht, prinsesse Victoria [[Kaiulani]], lykas Stevenson ek fan Skotsk komôf. Op it eilân [[Molokai]] besocht er pater [[Pater Damiaan|Damiaan]] dy't dêr wurke ûnder ferballe [[lepra]]pasjinten. Fanny Osbourne, syn oare helte, hat him bot stipe yn syn aventuerlik, mar ek ek dreech en noedlik libben. Hy stoar yn de âldens fan 44 jier oan in beroerte yn syn wenplak Vailima<ref>http://www.nls.uk/rlstevenson/island.html Beeldbronnen en beschrijvingen (Engelstalig)</ref> in Samoa.