Amasja fan Juda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 6:
De kening begûn al gau mei de bou in grut leger. Dêrnjonken rekrutearre er in troepenmacht fan 100.000 hierlingen út Israel. Dat lêste waard lykwols ôfkard troch in profeet, dy't de kening oantrune om de Efraïmiten werom nei hûs te stjoeren, om't God fanwegen harren goddeleazens net mear oan de kant fan Israel stie. Kening Amasja harke nei de profeet en liet de hierlingen tsjin harren sin wer fuortstjoere. Doe teach de kening mei syn leger fan allinnich Judeeërs op nei Edom en helle dêr in grutte oerwinning op it ryk <ref>2 Kroniken 25:5–13</ref>, dat him al dessinia earder ûnder kening [[Joaram fan Juda|Joaram]] losmakke hie fan Juda. <ref>2 Keningen 8:22</ref>
 
Amazja moast lykwols werom gean om't de hierlingen dy't hy earder fuortstjoerd hie no yn de stêden fan Juda hûsholden. Op 'e wei werom naam kening Amasja lykwols ek bylden fan Edomityske ôfgoaden mei om se thús te ferearjen. Dat kaam de kening te stean op in fermoanning fan in profeet, mar de kening bekroade him net om syn wurden en frege spottend oft er de profeet faaks ta riedshear oansteld hie.<ref>2 Kroniken 25:14-16</ref>
 
Nei de oerwinning op Edom waard Amasje oermoedich en begûn er kening [[Joäsj fan Israel|Joäsj]] fan it [[Keninkryk Israel|Noardryk Israel]] út te dagen om de striid oan te gean. Dy stjoerde Amasja asandert in brief mei dêryn in parabel oer in stikel en in seder. De stikel moast Juda ferbyldzje en dy waard ferwâde troch wylde bisten. De rie dy't kening Joäsj oan Amazja joech wie dúdlik: bliuw thús, want oars soe it wolris raar mei Juda beteare kinne.<ref>2 Kroniken 25:17-19</ref>