Himelfeartkatedraal (Smolensk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 38:
By de bestoarming fan Smolensk nei in belegering fan 20 moannen belegering troch de Poalsk-Litouske troepen, lieten de ferdigeners fan de stêd op [[3 juny]] [[1611]] de krûdmagazinen ûnder de katedraalheuvel ontploffe. Dit hie fan gefolgen dat in part fan de katedraal ynstoarte en tal fan froulju en bern ûnder it pún begroeven waarden. Under Poalsk gesach waard de katedraal hersteld, mar nei de befrijing fan Smolensk waard it âlde gebou yn 1674-1675 sloopt en fan ôf 1677 úteinset mei nijbou. De bou fan de katadraal duorre 95 jier en waard yn 1772 foltôge. De fergulde barokke [[ikonostase]] mei ryk houtsnijwurk is tritich meter heech en waard ûnder lieding fan S. Trûsitskim troch Ukraynske keunstners boud yn de jierren 1730-1740. De ikoanen binne fan deselde keunstners.
 
Doe't it ''Grande Armée'' fan [[Napoleon Bonaparte|Napoleon]] de stêd ynnaam, wie dy neffens de oerlevering sa ûnder de yndruk fan de katedraal, da'tdat hy de soldaten op straffe fan de dea ferbea de katedraal te plonderjen.
 
[[Ofbyld:Gorskii 03982u.jpg|thumb|left|250px|It wûnderdiedige Ikoan fan de Mem Gods fan Smolensk, yn 1912 fotografearre troch Sergej Michailovitsj Prokûdin]]