Brandenburger Tor: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 11:
De poarte wurdt tagelyk ek as in nasjonaal symboal beskôge, wêrmei in tal fan bartenissen yn de [[20e iuw]] yn Berlyn, [[Dútslân]], [[Jeropa]] en de wrâld ferbynt. Neffens boustilen wurdt de Brandenburger Tor by de ier-klassike perioade rekkene.
 
Tusken [[1945]] en [[1990]] lei de Brandenburger Tor op de grins fan [[West-Berlyn|West-]] en [[East-Berlyn]] en dus ek fan it [[Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje|west]]- en [[eastblok]]. De [[Berlynske Muorre]] rûn bewesten de poarte lâns. Oant de [[weriening fan Dútslân]] wie it in symboal fan de [[Kâlde Kriich]] en nei de weriening wie 't in symboal foar de weriening fan Dútslân en Jeropa.
 
Rûnom de poarte waarden nije gebouwen, dy't yn 'e Twadde Wrâldkriich ferwoaste waarden en net weropboud wiene no wer werom opboud. Mei it reekommen fan de ambassade fan de [[Feriene Steaten]] op it âlde histoaryske plak, op 4 july 2008, is de rekonstruksje rûnom de poarte dien makke.