Kastiel fan Durham: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Frysk
L st
Rigel 46:
It kastiel hat twa kapellen: de ''Norman Chapel'', boud om 1078 hinne, en de ''Tunstall's Chapel'' (ferneamd nei biskop Cuthbert Tunstall), boud yn 1540.
 
De ''Norman Chapel'' is it âldste diel fan de boarch en ek it âldste bouwurk fan de stêd. De bou mei syn ryk bewurke kapitelen stamt út 1080 en is fan Saksyske oarsprong, nei alle gedachten fanwegen it feit dat Saksen twongen waarden om de kapel te bouwen. Yn de 15e iuw liet biskop Hatfield de ''keep'' (donjon of haadtoer) fergrutsje, wertrochwêrtroch't de kapel net mear tagonklik waard. Mooglik is dat de reden wêrom't de kapel fierder sûnder feroarings en oanpassings troch de tiid kommen is.<ref>[https://www.durhamworldheritagesite.com/architecture/castle/intro/north-range/norman-chapel Durham Worldheritagesite]</ref> Oant 1841 waard de kapel net mear brûkt en dêrnei tsjinne er as passaazje nei de donjon. Yn de [[Twadde Wrâldoarloch|Twadde Wrâldkriich]] brûkte de [[Royal Air Force]] de kapel as kommandopost en waard it oarspronklike belang ûntdutsen. Koart nei de oarloch waard de kapel wer ynsegene en ek tsjintwurdich wurdt de kapel alle wiken brûkt foar tsjerketsjinsten.
 
De ''Tunstall's Chapel'', de grutste fan de twa kapellen, wurdt faker foar tsjinsten brûkt, mar ek foar konserten. De bou fan de kapel waard ûnder biskop Cuthbert Tunstall yn 1540 foltôge oan it begjin fan de [[reformaasje]].<ref>[https://www.durhamworldheritagesite.com/architecture/castle/intro/north-range/tunstall-chapel Durham Worldheritagesite]</ref> De biskoppen Cosin en Crewe fergrutten de kapel yn it lêste diel fan de 17e iuw. Achter yn de kapel binne noch 16e-iuwske [[misericordes]].