Kleaster Kamp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
lytse dinkjes
L st
Rigel 41:
 
[[File:Kamp-Lintfort, Kloster Kamp, Abteikirche, 2014-09 CN-01.jpg|thumb|left|250px|''Ynterieur'']]
Fanôf 1685 waard ek mei de bou fan de tsjintwurdige kleastertsjerke begûn. By de weropbou waarden de fûneminten fan de âlde tsjerke brûkt en in diel fan it âlde [[Koer (tsjerke)|koer]] út 1410 yntegrearre. De styl fan de nijbou hong swier nei de [[goatyk]] oer, mar mei de alters, it koerstuolte, in pear bylden en it oargel krige de tsjerke in [[Barok (styl)|barok]] ynterieur. De twa eastlike tuorren mei harren barokke bekroaning dogge foar in Sistersjinzerske tsjerke frjemd oan. Dat jildt ek foar de lantearne op it middenskip fan de tsjerke, it ûntbrekken fan in dwersskip mei de foar Sistersjinzerske kleastertsjerken karakteristike [[dakruter]] boppe de fiering. Noardlik fan de tsjerke waard yn 1714 in seishoekige Marijekapel boud, werfanwêrfan't yn it Nederryngebiet allinne mei de Genedekapel yn Kevelaer in ferlykber bouwurk bestiet.
[[File:Kamp-Lintfort, Kamper Berg, Immunitätskreuz, 2014-09 CN-01.jpg|thumb|250px|''Immuniteitskrús'']]
Mei de [[Frânske tiid|Frânske besetting]] feroarderen de kommissarissen Lépine en Thibault op 6 August 1802 de sekularisaasje fan it kleaster. Op al it replike en ûnreplike guod waard beslach lein en dêrmei kaam oan in lêste grutte bloeiperioade fan it kleaster definityf in ein. Op 10 augustus fan dat jier ferlieten de 27 muontsen mei harren abt Bernhard Wiegels it kleaster. Allinne de eardere kleastertsjerke waard mei rêst litten om tsjint te dwaan as parochytsjerke. In diel fan it koerstuolte, de kânsel en tal bylden en it oargel yn de tsjerke bleaune bewarre. Oare kleastergebouwen waarden by in feiling yn [[Aken]] ferkocht oan seis keaplju. De gebouwen waarden ôfbrutsen of ferboud en in soad keunstskatten lykas de kostbere bibleteek en skilderijen gyngen ferlern. It lân fan it kleaster gyng op de boeren oer, dy't it oant dan ta pachtten fan it kleaster.