Gnostisisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
L st
 
Rigel 6:
It skaaimerk foar gnostisy is wol dat sy net leauwe (yn godstsjinstige sin), mar harren ynderlike morele gesach boppe elts uterlik gesach stelle. Dit ynderlike gesach komt fuort út ''gnosis'': de kennis fan josels.
 
It giet by in gnostikus net om ''wa't'' it seit, mar om ''wat'' it ús seit. As wy ite soenen fan de beam dy't yn it [[paradys]] stiet, soenen wy ynsjoch krije yn goed en kwea en krije wy dêrtroch ek sels ynsjoch yn goed en kwea. In soad kristlike gnostsy fersmite dêrom it [[âlde testamint]] mei syn bulte wredens, en stikken fan it [[nije testamint]]. Guon gnostisy tinke dat de [[bibel]] korrumpearre is, oaren binne noch ekstremer: neffens harren is de god út it [[âlde testamint]] in oare God as de himelske Heit lykas ferkundige waard troch [[Jezus Kristus]], mar in tsjin-god, in kweade god, [[Satan]]. Sy neame dizze mindere god: de [[demiurch]]. Dizze demiurch is de skepper fan alle kwea, werbywêrby't de definysje fan kwea fariearret: neffens guon gnostisy is de hiele skepping ferkeard ([[asetisme]]), neffens oaren allinne de mear dúdlike minne kanten fan it libben, lykas bygelyks [[sykte]].
 
Guon gnostisy wize it [[fersoenoffer]] fan Jesus Kristus ôf, de reden fan syn stjerren oan it krús. Sy leauwe dat rêden allinne mooglik is troch ''gnosis'', troch ûntdekking fan jins eigene sels. Yn dat barren nimt God gjin apart diel fan yn, mar is der sels ûnderdiel fan.