Ferkiezing: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L st
Rigel 1:
[[File:Election MG 3455.JPG|right|thumb|250px|In [[stimformulier]] wurdt yn 'e [[stimbus]] dien.]]
In '''ferkiezing''' is in formeel [[beslútfoarmingsproses]] troch in [[stimming (mieningsutering)|stimming]], werbywêrby't de [[stimrjocht|stimberjochtige leden]] fan in [[befolking]] (it [[elektoraat]]) kieze wa't fan in stikmannich kandidaten in beskate [[publike funksje]] útoefenje mei. Ferkiezings binne al sûnt de [[santjinde iuw]] it gebrûklike meganisme dêr't yn 'e [[Westerske wrâld]] [[represintative demokrasy]]en troch funksjonearje. Ferkiezings hearre frij en earlik te wêzen, mar binne dat net altyd. Sa kin der sprake wêze fan it yn 'e pine setten of alhiel útsluten fan 'e [[opposysje (polityk)|opposysje]], fan [[yntimidaasje]] fan of [[geweld]] tsjin 'e kiezers, of fan geknoei mei de útslach, in ferskynsel dat [[stimbusfraude]] of ferkiezingsfraude neamd wurdt. De [[tûke (betsjuttingsside)|tûke]] fan 'e [[wittenskip]] dy't ferkiezings, de útkomsten fan ferkiezings en oare [[statistyk|statistiken]] oangeande ferkiezings bestudearret, is de [[psefology]].
 
By ferkiezings wurde faak, en yn [[Nederlân]] allinnich mar, leden fan 'e [[wetjaande macht]] keazen, te witten it [[lân|lanlike]] [[parlemint]], [[Provinsjale Steaten]], de [[gemeenteried]]en en de [[wetterskip]]pen. Yn in protte oare lannen wurde ek leden fan 'e [[útfierende macht]] keazen, lykas de [[presidint]], [[gûverneur]]s fan ûnderskate lânsdielen en [[boargemaster]]s. Yn 'e [[Feriene Steaten]] wurde ek leden fan 'e [[rjochterlike macht]] ([[rjochter]]s) by ferkiezings keazen, en teffens oare gesachsdragers, lykas [[ofsier fan Justysje|ofsieren fan Justysje]] en [[sheriff]]s. Fierders wurde ferkiezings ek in protte holden binnen [[organisaasje]]s, fan pleatslike [[feriening]]s oant mondiale [[stifting]]s en (yn 'e bestjoersried fan) grutte [[ûndernimming]]s. Ek by [[talintejacht]]en, [[skientmewedstryd|skientmewedstriden]] en eveneminten as it [[Eurofyzjesongfestival]] wurdt de winner (faak) troch in soarte fan ferkiezing bepaald.