David Hume: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 15:
Yn de filosofy fan Hume steane inkele ûnderskiedingen sintraal. De meast sintrale is de folgjende. Hy stelt dat de minske twa ferskillende foarstellingen ken: ”yndrukken”en “ideeën”. Yndrukken definiearret hy as de foarstellingen dy’t harren foardogge en har mei gruttere krêft oan de geast opdringe- hjirûnder pleatst Hume de sensaasjes, de pasjes en emoasjes, yn har “earste ferskynsel oan de [[siel (geast)|siel]]”. Ideeën binne de earder dizenige bylden, alles útsein wat de sintugen wiernimme en wat men by dit wiernimmen fielt.
 
Soksoarte yndrukken en ideeën kinne sawol “inkelfâldich” as “gearstald” wêze, stelt Hume. By in simpele yndruk kin men de ûnderfining net fierder opdiele, sadat men bygelyks in kleur, geur of smaak tinkt. In komplekse yndruk kin bygelyks in appel wêze, weroanwêroan in beskate kleur, geur en smaak eigen is, Yndrukken en ideeën lykje oerien te kommen. Bygelyks as ik myn eagen slút, kin ik my in idee foarmje fan de keamer wêryn ik bin, oerienkomstich mei de ympresjes dy’t ik opdoch wannear't ik myn eagen wer iepen doch. Komplekse ympresjes wurde nea yntegraal yn ideeën ferwurke. Oan de oare kant wurde komplekse ideeën soms ek troch de ferbylding foarme, en binne dus net hieltyd ôfkomstich fan ympresjes.
 
Hume neamt de ferbylding de fakulteit fan de geast dêr't men de yndrukken oantreft, ûntdien fan harren libbendichheid, sadat se har status fan ympresje ferlieze mar sûnder in idee te wurden. Dêrmei kontrastearret it ûnthâld as de fakulteit wer't yndruk en idee tegearre komme, ideeën komme inkeld út it ûnthâld tefoarskyn middels in yndruk.