UTY: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ledetal
L st: 'weroer' -> 'wêroer'
 
Rigel 2:
 
De gymlessen waarden yn skoalle jûn, mar de jierlikse útfiering wie yn it Centrum. Der wie sa’n soad animo foar dat der 3 jûnen hâlden waarden. De earste jûn spesjaal foar bern, de twadde jûn foar jongfolk en de tredde jûn foar trouden. Op de earste jûn waarden ek de bern útnûge dy’t net op de gymnastyk sieten; se betellen ien dûbeltsje yntree. Op de oare jûnen wie de yntree foar net-leden ien gûne op de jongfolkjûn en 75 sinten op de troudenjûn. Men koe kaarten yn de foarferkeap oanskaffe by it Centrum en dat wie wol nedich, want fol wie fol. Of sa’t op de útnûging stie: ''kaarten foar de útfiering fan 2 Jannewaris binne foarôf te krijen yn it Centrum op âldjiersdei de middeis fan 2-3. Foar de útfiering fan 6 Jannewaris op sneon de 4e, ek fan 2-3. As der oer binne, ek de jûns oan de seal, mar rekkenje der foaral net op''. In jier letter (1948) koenen je tagelyk mei de foarferkeap ek plak besprekke. Dit koste dan 10 sinten it plak. Men die dit “opdat minsken dy’t graach in goed plakje hawwe wolle, der net in oere fan te foaren wêze moatte". Plakken dy lykwols de jûns om healwei achten net beset binne, wurde frij jûn, sels al binne se besprutsen”.
As de bern de 2e en 3e jûn harren oefeningen dien hienen, mochten hja net yn de seal sitte, want dat soe te folle plak ynnimme en soe der temin romte oerbliuwe foar it “gewoane” publyk. De bern waarden dan troch ien fan de UTY bestjoersleden nei hûs ta brocht: “de bern wurde eltse jûn troch ien fan ús bestjoersleden thús brocht, it hat dus alhiel gjin sin se op te heljen, foar eltse rûte giet efkes in bestjoerslid mei dy se oan de doar ta bringt. Dit jildt ek foar de bern út Goaiingaryp, dy wy ek stéfêst op 30 Desimber ferwachtsje en dy wy nei de útfiering ek graach op de les hawwe wolle, weroerwêroer al mei master Hofsté praten is, mar dat ta ús grutte spyt noch net ta in útdragende saak kommen is”.
 
It wie blykber wat let wurden op dy earste bernejûn, want it folgjende jier (1948) mochten âlden harren lytse bern ek sels ophelje: “omdat inkele âlden ferline jier wat brûkel wiene omdat de bern dy earste jûns sa let thús kamen, wolle wy er jimme op wize dat er fan ús kant alhiel gjin beswier is dat se foar ôfrin ophelle wurde, we sille it foar de lytsen sels tige op priis stelle. Wy ûnthjitte jimme dat we nei ôfrin de ben dy net ophelle binne, nei hûs bringe sille, mar wy kinne net op ús nimme om tuskentiids dan de ien en dan de oar fuort te bringen”.