Tsjoender: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
 
Rigel 1:
[[File:Arthur-Pyle_The_Enchanter_Merlin.JPG|right|thumb|180px|De tsjoender [[Merlyn]].]]
In '''tsjoender''', '''tovener''', '''magus''' of '''magiër''' is in [[myte|mytysk]] figuer yn 'e foarm fan in [[minske]] dy't [[tsjoenderij|tsjoene]] kin. (Sa'nent moat net betize wurde mei in [[gûchelder]], dat in [[artyst]] is dy't mei fluchhandichheid en yllúzjes ''beart'' dat er tsjoene kin.) In tsjoender is almeast in [[man (sekse)|man]], mar kin ek in [[frou]] wêze; dan wurdt sprutsen fan in '''tsjoenster''' of '''toveneresse'''. Hoewol't in tsjoender sawol goed- as boasaardich wêze kin, wurdt in tsjoenster almeast lykslein mei in [[heks (mytysk wêzen)|heks]]. Tsjoenders kommen in protte foar yn 'e [[Jeropa|Jeropeeske]] [[folkloare]], [[mytology]], [[Midsiuwen|Midsiuwske]] [[literatuer]] en it moderne [[literatuer|literêre sjenre]] fan 'e [[fantasy (sjenre)|fantasy]]. Yn 'e regel wurde tsjoenders ôfskildere as âlde(re) manlju mei in lang, griis [[burd|patriargeburd]], dy't in ankellang [[klaad]] en in [[punthoed]] drage en in [[stêf (stôk)|stêf]] hawwe dêr't se harren magy mei konsintrearje kinne.
 
Foarbylden fan ferneamde goedaardige tsjoenders binne [[Merlyn]], de hoftsjoender fan [[kening Arthur]], [[Gandalf]], de lieder fan 'e striid tsjin it kwea yn 'e ''[[Lord of the Rings]]''-trilogy fan [[J.R.R. Tolkien]], en [[Albus Dumbledore]], it haad fan 'e [[kostskoalle]] yn 'e ''[[Harry Potter]]''-rige. In foarbyld fan in boasaardige tsjoender is [[Saruman]], de ferrieder út 'e ''Lord of the Rings''-trilogy. Yn it [[Ingelsk]] wurdt gauris ûnderskie makke tusken goed- en boasaardige tsjoenders troch de termen ''[[wizard]]'' (foar goedaardige tsjoenders) en ''[[warlock]]'' (foar boasaardige tsjoenders) te brûken. [[Ursula K. Le Guin]] yntrodusearre yn [[1968]] mei har [[roman]] ''A Wizard of Earthsea'' de tsjoender as haadpersoan en held. In ferneamde moderne [[roman]]rige mei dat útgongspunt is ''[[The Dresden Files (romansearje)|The Dresden Files]]'', fan [[skriuwer]] [[Jim Butcher]], oer de tsjoender Harry Dresden, dy't de stêd [[Chicago]] tsjin alderhanne ûnheil ferdigenet.