Hieslum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L st
Rigel 13:
== Skiednis ==
Op âlde kaarten is te sjen dat der doedestiids in soad wetter om Hieslum wie. De measte marren en puollen binne letter drûchlein, lykas de Sensmar, al mear as 200 jier ferlyn ynpoldere. Derneist wie der it Uylcke meer, de Hieslumer Ie besuden it doarp, de Hoarse of de Horase en in protte oare wetters. Op de opsmiten terpen sille, meast om in lyts tsjerkje, doarpen as Hieslum ûntstien wêze.
Op de hichtekaart wurdt dúdlik dat Hieslum in terpdoarp wêze moat, de hichten lizze tusken 0.2, 0.5 en 0.6 meter ûnder A.P. In diel fan de lannen leit yn de Riperahim, al leit it doarp sels bûtendyks. Der wie krektas by Dedzjum in ferbining tusken de Sensmar en de Ie, wat letter de feart tusken Boalsert en Warkum wurde soe. De himdiken blieken faaks te swak foar it seewetter, wertrochwêrtroch eartiids gauris wetteroerlêst foarkaam.
 
== Tsjerke ==