Aebingastate (Blije): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L [[]]
Rigel 3:
'''Aebingastate''' of '''Humaldastate''' stie oan de âlde wei nei [[Holwert]] noardwestlik fan [[Blije]] yn de gemeente [[Ferwerderadiel]]. Op it stee stiet no in pleats.
 
De oarsprong sil yn de [[14e iuw]] lein hawwe as stamhûs fan de yn de [[19e iuw]] útstoarne aadlike famylje [[Aebinga fan Humalda]]. Stamfaar wie Anloff Aebinga dy't sûnt 1419 fermelden waard. Syn soan Syurd Aebinga erve yn 1438 "Abingha statha ende huuss, stens ende stensweer mitter greft"; dy syn broer Tzalingh brocht it ta 22e abt fan [[Mariëngaarde]] (1427-1462). Syurd syn soan Anloff sluet him yn 1491 oan by it ferbûn mei de stêd [[Grins (stêd)|Grins]]; yn 1511 wie hy ferstoarn en wenne syn widdo "Saepck Aebingen" op Aebinga. De 134 pûnsmiet lân (± 45 hektare) dy't ta de state hearde brûkte hja sels.
By in boelskieding krige yn 1524 Anloff syn soan Adzaert Aebbinga de state; in oare soan waard stamfaar fan de staach Aebinga fan Humalda; in tredde soan ferfarde nei Amsterdam. Yn itselde jier noch makke Adsert syn testamint; syn frou Tyamck Cammingha soe op Aebingastate, mei syn "deel stens ende alle die landen die daertoe hore" wenjen bliuwe meie. Adsert ferstoar pas tweintich jier letter, tusken 1547 en 1549. Hy wertroude nei Tyamcks ferstjerren mei Wits Ytsma.