Anet Bleich: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
 
Rigel 29:
Anet Bleich gie nei it Gymnasium Haganum, dêr 't se haadredakteur wie fan it skoalblêd ''Spectemur Agendo''.
 
Se studearre politike wittenskippen oan de [[Universiteit fan Amsterdam]]. Yn 1969 en 1970 wie se ûnder har stúdzje lid fan de ''Werkende Jongeren Groep'', dy't yn 'e linkse studintebeweging fan de universiteit ûntstien wie. Njonken Anet Bleich wie ek har partner [[Max van Weezel]] lid fan dy groep. Se wie fan 1972 oant 1975 (of 1977?) lid fan de [[Kommunistyske Partij fan Nederlân]] (CPN). Nei de ein fan de [[Kâlde Oarloch]] wie se kritysk oer har linkse eftergrûn. Neffens har moat der ûnderskied makke wurde tusken de ferskate fazen en foarmen fan it [[kommunisme]]. It kommunisme wie neffens har net mear libbensfetber as it demokratisearre wurdt. Ofskaffe wie iennige om it te herfoarmjen.<ref>Max Arian; Sander Peters (3 desimber 1997). "Was lenin erger dan hitler?". ''Niet alleen in Nederland wordt aan (ex-)communisten gevraagd rekenschap af te leggen over hun verleden. De discussie die Bolkestein hier op gang probeert te brengen, wordt in het buitenland op het scherpst van de snede gevoerd. Met name in Frankrijk is de afrekening met het communisme de laatste jaren een hot item''. De Groene Amsterdammer</ref>.
 
Bleich wie redakteur fan it opinyblêd ''De Groene Amsterdammer'' en waard yn 1989 kollumniste by de Volkskrant. Se troude mei Max van Weezel en sy krigen yn 1986 in dochter, [[Natascha van Weezel]] dy't skriuwster en filmmakker wurde soe.