Alternaria: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L namme beskriuwer ynkoarte
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Rigel 43:
'''''Alternaria''''' is in skimmel[[Skaai (biology)|skaai]], dat by de [[Ascomyceten]] heart. ''Alternaria''-soarten binne wichtige feroarsakers fan [[plantesykte]]n. Dêrnjonken binne der ek [[saprofyt|saprofityske]] soarten. ''Alternaria''-soarten produsearje [[mykotoksine]]n, lykas [[alternariol]]. Se wurde mei it ûntstean fan [[sloktermkanker]] yn ferbân brocht. De yn ‘e hûs foarkommende soarten meitsje [[allergeen|allergenen]], dy’t [[heakoarts]] feroarsaakje of [[oergefoeligensreaksje]]s jouwe dy’t bytiden ta [[astma]] liede. By [[aids]]-pasjinten fersoarsaakje se [[opportunisme|opportunistyske reaksjes]].
 
''Alternaria''-soarten hearre by de saneamde [[Fungi imperfecti]]. Se foarmen gjin [[ascus|asci]] (spoaresekje) en plantsje har net-slachtlik fuort troch de foarming fan mearsellige, raket- of knotsfoarmige [[konidium]]s. Ut genetysk ûndersyk blykt dat in soad ''Alternaria''-soarten as [[telemorf]] (slachtlik stadium) ta it skaai ''[[Lewia]]'' hearre.<ref>[http://speciesfungorum.org/Names/names.asp?strGenus=Alternaria ''Alternaria''-Arten] yn Index Fungorum</ref>. Alternaria-soarten dy;t net ta dit skaai rekkene wurde kinne op grûn fan har slachtlik stadium, wurde net langer as Alternaria-soarten beskôge.
 
Der binne 299 soarten bekend.<ref>Dictionary10th, Kirk PM, Cannon PF, Minter DW, Stalpers JA., Dictionary of the Fungi. 10th ed, CABI, Wallingford, 2008, isbn=0-85199-826-7, s. 22</ref>.
 
== Inkelde soarten ==