Auke Zijlstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Rigel 7:
Zijlstra wie yn 2006 en 2010 kandidaat-Twadde Keamerlid foar de PVV, yn 2006 as alfte en yn 2010 op it 26e plak op de kandidatelist.
 
Zijlstra stie yn 2009 by de ferkiezingen foar it Europeesk Parlemint op it seisde plak fan de kandidatelist fan de PVV foar it [[Europeesk Parlemint]] en foel dêrmei bûten de direkt ferkeazenen. Doe't Daniël van der Stoep yn augustus 2011 it Europeesk Parlemint ferliet, wie Zijlstra de earste opfolger.<ref>[https://archive.is/20120604015255/http://www.brabantsdagblad.nl/algemeen/bdbinnenland/article9315651.ece Wilders: Zijlstra volgt Van der Stoep op] Brabants Dagblad, 18 augustus 2011</ref>. Hy waard beneamd op 8 septimber 2011.
 
By de Europeeske Parlemintsferkiezings fan 2014 stie Zijlstra op it fyfte plak fan de kandidatelist fan de PVV, wat lykwols wer net genôch wie om direkt keazen te wurden. Hjirnei waard hy wer meiwurker fan de Europeeske fraksje. Nei it ferstjerren fan Hans Jansen op 5 maaie 2015 waard Zijlstra, dy't doe yn Ridderkerk wenne, op 1 septimber 2015 as dy syn opfolger beneamd as lid fan it Europeesk Parlemint.