Wilford Brimley: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolling fan nl:
Rigel 1:
[[Ofbyld:Wilford Brimley.jpg|thumb|Brimley, [[22 oktober]] [[2012]]]]
'''Wilford Brimley''' (folút: '''Anthony Wilford Brimley'''; [[Salt Lake City]], [[27 septimber]] [[1934]] – [[Santa Clara (Utah)|Santa Clara]], [[1 augustus]] [[2020]]) wie in [[Feriene Steaten fan Amearika|Amerikaansk]] [[akteur]]. Hy wie in [[mormoan]].
 
Brimley tsjinne nei syn middelbere skoalletiid trije jier by it [[United States Marine Corps|Amerikaanske korps mariniers]] op de [[Aleoeten]]. Dêrnei wurke er ûnder mear as liifwacht foar [[Howard Hughes]], rancharbeider, smid en hynstekeapman. Doe kaam er yn kontakt mei de filmyndustry. Yn [[Filmkeunst|films]] en [[Telefyzjefilm|telefyzjeproduksjes]] hie er faak de rol fan hynstesmid. Yn de jierren sechtich gie er earst oan 't wurk as [[stuntman]] (u.o. foar syn freon [[Robert Duvall]]) en hie fan 1969 ôf byrollen yn oant no ta 75 films.
 
Brimley spile fan 1974 oant 1977 Horace Brimley, in ynwoner fan Walton's Mountain, yn de telefyzjesearje ''[[The Waltons]]'' en fan 1986 oant 1988 pake Gus Witherspoon yn ''[[Our House (telefyzjeprogramma)]]''.
 
Brimley wie ek ferneamd fan [[reklamespot]]s. Sa wie er, mei syn karakteristike walrussnor, jierren it gesicht fan ''Quaker Oats'', in nôtprodukt foar it moarnsiten.
 
Wilford Brimley, dy't al fan 1979 ôf oanhelle wie mei [[diabetes mellitus|sûkersykte]], stoar nei in siikbêd fan twa moannen yn de âldens fan 85 jier oan in [[Nier (biology)|nier]]sykte.<ref>[https://www.nytimes.com/2020/08/01/obituaries/wilford-brimley-dead.html Wilford Brimley, ‘Cocoon’ Star and Quaker Oats Pitchman, Is Dead at 85], [[The New York Times]], 1-2 augustus 2020.</ref>
 
==Keppelings om utens==
* {{en}} [http://www.wilfordbrimley.com/ Offisjele webside fan Wilford Brimley]
* {{en}} [http://www.imdb.com/name/nm0000979/ Wilford Brimley yn de Internet Movie Database (IMDb)]
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
{{Reflist}}
}}
 
{{DEFAULTSORT:Brimley, Wilford}}