Moslim: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
taal
Rigel 21:
Moslim wurde kin op ferskate wizen. Ornaris wurdt dan dien troch yn bywêzen fan in [[imam]] of in koranlearde en yn bywêzen fan op syn minst twa tsjûgen de [[shahadah|leauwensbelidenis fan de islam yn it Arabysk]] op te sizzen. Mei it útsprekken fan dizze ''shahadah'' wurdt it kredo fan de Islam beliden, nammentlik dat der mar ien godheid is, God, en dat Mohammed syn [[profeet]] en boadskipper is.
 
Sintraal yn de islamityske omgong mei inoar stiet it Godlike. Op [[qadar|in ferwachting foar de takomst]] wurdt sein ''[[Insha'Allah]]'' (as God it wol), dêrop moat alyksa antwurd jûn wurde mei ''insha'Allah''. Op grûn fan de Koran wurdt fan in moslim ferwachte dat hy syn gasten op tige goede wize behannelt. Dêrnjonken winsket men inoar by begroetsjen de frede ta. Dizze wurdt hieltyd yn it Arabysk útsprutsen mei de wurden 'assalam alaikum' (frede sy mei jo) of koartwei 'salam' (frede), weropwêrnei't ien dy't oansprutsen wurdt op syn minst werom seit 'wa-alaikum assalam' (en mei jo de frede) of koartwei 'salam' (frede) of 'wa-alaikum' (en mei jo).
 
== Sjoch ek ==