Dené-Jenisejaanske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 18:
Op in taalkundich sympoasium dat yn [[febrewaris]] [[2008]] yn [[Alaska]] holden waard, hold taalkundige [[Edward Vajda]] fan 'e [[Universiteit fan Westlik Washington]] (WWU) in lêzing wêryn't er tsien jier fan yngeand ûndersyk gearfette mei de konklúzje dat der nei alle gedachten yndie in geneälogysk ferbân bestie tusken de Jenisejaanske talen en de Na-Dené-talen. Yn [[2010]] publisearre er dêroer it wittenskiplik artikel ''The Dené-Yeniseian Connection'' yn it boek ''Anthropological Papers of the University of Alaska'', dat alle lêzings fan it sympoasium omfiemet.
 
It bewiismateriaal dat Vajda oanfierde, besloech mear as 110 korrespondearjende [[morfeem|morfemen]] en likernôch tsien homologe [[prefiks]]- en [[suffiks]]posysjes fan [[tiidwurd]]en. Vajda ferliek de besteande rekonstruksjes fan it [[Proto-Jenisejaansk]] en it [[Proto-Na-Dené]] mei-inoar, folle dy oan op grûn fan 'e skynbere relaasje tusken dy beide [[oertaal|oertalen]], en suggerearre [[klankferskowing]]s dy't se gearbrochten ta ien ûnderstelde [[Proto-Dené-Jenisejaansk]]e oertaal. Teffens suggerearre er dat de [[tonaliteit|tonale]] ferskillen yn 'e Jenisejaanske talen har oarsprong hawwe kinne yn 'e oan- of ôfwêzigens fan [[glottalisearring|glottalisearre]] [[konsonant]]en yn 'e [[wurdlid]]einen, satsa't dy noch altyd besteane yn 'e Na-Dené-talen.
 
Vajda syn foarstel foar it bestean fan in Dené-Jenisejaanske taalfamylje is oer it algemien geunstich ûntfongen troch ekspêrs op it mêd fan 'e Jenisejaanske talen en de Na-Dené-talen. De iennichste taalkundige fan namme dy't net oertsjûge wie, wie [[Lyle Campbell]], dy't in kritysk kommentaar op Vajda syn ideeën skreau. Fierder taalkundich ûndersyk troch oare linguïsten hat útwiisd dat it by de Dené-Jenisejaanske talen nei alle gedachten net giet om in oarsprongsgebiet yn sintraal [[Sibearje]] of [[Sintraal-Aazje]]; ynstee wurdt it oarsprongsgebiet fan 'e talen yn 'e krite fan 'e [[Beringstrjitte]] pleatst, dêr't guon folken wei nei it easten ta, nei Noard-Amearika, [[migraasje|migrearre]] wêze soene, en oaren werom nei it westen ta, nei sintraal Sibearje.