Opera: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 3:
'''Opera''' (taalkundich ûntstien út it meartal fan [[opus (komposysje)|opus]]) is in foarm fan muzykteater, wêrby't meast in songen toanielstik, yn dichtmaten mei orkestbegelieding, útbylde wurdt. Opera is ûnderdiel fan de Westerske klassike muzykkultuer. Der binne ek net-Westerske foarmen fan muzykteater dy't faak Opera neamd wurde, mei in ûnderskiedend [[eigenskipswurd]] derfoar, bygelyks de [[Sineeske opera]].
De fjouwerhûndertjierrige skiednis fan de hjoeddeiske opera begjint yn [[Florâns (stêd)|Florence]]. Ein [[16e iuw]] wie dêr in groep yntellektuelen fan doel it klassike drama lykas satdat yn de Aldheid bestie, nij libben yn te blazen. Harren grutte foarbyld wie [[Aristoteles]], dy't yn de fjirde iuw foar Kristus oer toaniel en muzyk skreaun hie, krekt oft dy twa saken deselde wiene. Neffens Aristoteles wie drama de imitaasje fan it libben, dat ferlibbene waard mei fersiering en meldij. Op basis dêrfan ûnderstelden de Florentinen dat it klassike drama folslein songen wêze moast. De earste komponist dy't soks yn de praktyk besocht, wie [[Jacopo Peri]] ([[1561]]-[[1633]]), dy't dêrfoar it [[Grikelân|Gryksk]] [[mytology]]ske drama ''Dafne'' brûkte. Syn wurk ''Euridice'' ([[1600]]) dat dêrút fuortkaam, waard dêrmei de earste opera.
Wichtige lettere operakomponisten wienen û.o. [[Claudio Monteverdi|Monteverdi]], [[Georg Friedrich Händel|Händel]], [[Jean-Philippe Rameau|Rameau]], [[Christoph Willibald Gluck|Gluck]], [[Wolfgang Amadeus Mozart|Mozart]], [[Gioacchino Rossini|Rossini]], [[Vincenzo Bellini|Bellini]], [[Gaetano Donizetti|Donizetti]], [[Berlioz]], [[Giuseppe Verdi|Verdi]], [[Richard Wagner|Wagner]], [[Georges Bizet|Bizet]], [[Richard Strauss]], [[Giacomo Puccini|Puccini]], [[Leoš Janáček|Janáček]] en [[Benjamin Britten|Britten]].