It ûntstean fan de namme 'De Tynje': ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw De Tynje oanpast fanwege de betsjuttingsside.`
L st
Rigel 10:
 
== De iene tynjeset fan Lúkswâld ==
Om by de mieddens besiden de Boarn te kommen rieden de boeren fan Lúkswâld mei harren weinen en ark oer de heawei dy kant op. Dan kamen se healwei by it lêste, wier net it smelste ein fan harren tynje. Dêr wie net troch hinne te wâldzjen. Dêrom smieten se nei de wintertiid de tynje healticht mei takkebosken (riishout en prikken satsa't oan de Wâldwei) en dêr leinen se beamstammen en balken oerhinne. Sa belânen se op de Breewei oer harren eigenmakke 'tichtset'. Dizze set yn harren eigen tynje neamden se fansels de tynjeset. Dêr wie ek mar ien fan.
Fierderop, dêr't de hegere Riperwâldwei oergong yn it legere paad nei de Mouwe, de Mouwehimsterheawei, wie ek sa'n set mar lytser. Dy hoegde gjin namme.