Geiserik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jarould (oerlis | bydragen)
L st
 
Rigel 7:
 
== it [[Fandaalske ryk]] yn Afrika ==
Mar noch foardat Geiserik de oertocht weage, rekkene hy earst ôf mei de [[Sueven]], it folk derdêr't de Fandalen mei deilis wienen. Yn [[429]] fierde hy in kriichstocht en fersloech de Sueven by [[slach by Merida|Merida]]. Fuortendaliks dêrnei stiek er mei it hiele folk fan om-ende-by 80.000 minsken oer nei [[Afrika]]. It slagge him om sûnder grutte swierrichheden de Romeinske ferdigeners te oerwinnen en wreide syn macht út fanút it tsjintwurdige [[Marokko]] nei [[Algerije]] en [[Tuneezje]]. Ek belegere hy [[Hippo Regius]] dêr't de [[tsjerkfaar]] [[Augustinus]] biskop wie.
Yn [[439]] slagge it Geiserik om [[Kartago]] te oermasterjen en foel in grut part fan Romeinske float yn syn hannen. Dizze float stelde him yn steat om te hearskjen oer it westlik part fan de [[Middellânske See]]. Hy makke Kartago ta haadstêd fan syn Fandalenryk, dat in grut part fan de Afrikaanske kust besloech. En yn koarte tiid koe hy mei syn float [[Sisylje]], [[Sardynje]], [[Korsika]] en de [[Balearen]] oermasterje.
Yn [[442]] sleat Geiserik mei de Romeinske keizer [[Falentinianus III]] in ferdrach. Yn ruil foar frede waard hy troch de keizer as kening erkend en wienen de troch him besete gebieten net langer in kwestje. Yn de tritich jier dêrnei swaarmen de soldaten fan Geiserik as [[seerover|piraten]] oer de Middellânske See.