Falentinianus I: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L st
 
Rigel 15:
Saksyske piraten wienen in oare bedriging ûnder Falentinianus syn regear. Dizze piraten wienen bûnsmaten fan de [[Pikten]] en de [[Skotten]], en sy plonderje de kusten fan Brittanje en Galje. Yn [[368]] stjoerde Falentinianus [[comes]] [[Teodosius de aldere]] nei Brittanje ta om yn dizze provinsje de rest te werstellen. Dizze generaal wie dêr hiel súksesfol yn, en werneamde dêrnei de provinsje "[[Valentia]]", nei de twa keizers. Teodosius waard dêrnei yn [[372]] nei [[Afrika (Romeinske Ryk)|Afrika]] ta stjoerd om dêr de opstân fan [[Firmus]] del te slaan. Firmus die himself tekoart neidat hy fernommen hie fan Teodosius syn komst mei it leger.
 
Yn [[374]] wienen de [[Kwaden]], in [[Germanen|Germaanske]] folk dat oan de [[Donau]] libbe, lulk op 'e Romeinen om't dizzen forten boud hiene op wat sy beskôgen as harren eigen gebiet. Dat waard noch fersterke troch de moard op harren kening [[Gabinius]], derdêr't Falentinianus ferantwurdlik foar hâlden waard. De Kwuaden stutsen de Donau oer en plonderen [[Pannoanje]]. Falentinianus gong dêr yn [[375]] hinne om oarde op saken te stellen mei in grut leger. By in gearkomste mei in fertsjinwurdiger fan de Q
Kwaden waard Falentinianus, dy't bekend stie om syn opfleanende karakter sa lulk oer harren fredesfoarstel dat er fan de opwining in [[hertynfarkt]] krige, dêr't hy oan stoar.