Markus Aurelius: ferskil tusken ferzjes

L
st
L (st)
L (st)
Nei de dea fan Antoninus Pius op [[7 maart]] [[161]] krige Markus Aurelius de titel fan [[Augustus (keizer)|Augustus]], (keizer). Syn earste keizerlike died wie om, neffens de wil fan Hadrianus, de keizerlike macht te dielen mei Lusius Ferus.
 
Al gau bruts der grutte rebûlje út oan de eastgrins, sadat Ferus yn [[162]] nei de eastlike provinsjes ta moast, wylst Markus Aurelius yn Rome efterbleau. Ferus kearde yn triomf werom mar syn troepen brochten ek de [[Pest (sykte)|pestepidemy]] mei nei it westen, dy't grutte parten fan it keizerryk en ek Rome sels teheisterje soe. Bûtendat krigen sy te meitsjen mei in fijannige ynvaazje. [[Germanen|Germaanske]] stammen, lykas de [[Markomannen]] en de [[Kwaden]] wienen de [[Alpen]] oerstutsen en [[Itaalje]] ynfallen. Beide keizers kamen yn aksje en twongen de Germanen tebek foarby de [[Alpen]]. Sy kearden yn [[169]] werom nei de haadstêd en ûnderweis krige Ferus in sykte-oanfal derdêr't hy oan stjerre soe.
 
Nei in koarte perioade fan rêst yn Rome bruts der fannijs fijannigens út oan de grinzen en waard Markus Aurelius wer twongen om der mei it leger hinne te gean. In nije rige fan oarloggen soe him de folgende acht jier tsjinhâlde om foar in langere perioade nei Rome werom te gean. Yn dizze perioade kaam syn ferneamde filosofyske wurk [[Ta eis heauton|''Ta eis heauton'' (oersetten as Meditaties)]] ta stân.
12.645

bewurkings