West-Firginia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fuorthelle plaatsje ferfongen
L st
Rigel 36:
[[File:Francis Pierpont portrait.gif|left|thumb|160px|[[Francis H. Pierpont]], de 'heit' fan West-Firginia.]]
 
Yn [[1774]] late [[John Murray, 4e greve fan Dunmore]], de Britske [[gûverneur]] fan 'e koloanje Firginia, in [[leger]]macht dwers troch West-Firginia hinne om yn 'e saneamde [[Oarloch fan Dunmore]] tsjin 'e [[Sjâny (folk)|Sjâny]] yn [[Ohio]] te fjochtsjen. In [[milysje]] ûnder [[kolonel]] [[Andrew Lewis (militêr)|Andrew Lewis]], dy't diel útmakke fan dat leger, fersloech de Sjâny ûnder harren [[opperhaad]] [[Maïsstâle]] yn 'e [[Slach by Point Pleasant]], op it plak derdêr't de rivier de [[Kanawha (rivier)|Kanawha]] útmûnet yn 'e [[Ohio (rivier)|Ohio]]. By it [[Ferdrach fan Camp Charlotte]], dat in ein makke oan 'e [[oarloch]], joegen de Sjâny alle lân yn West-Firginia op dêr't se noch oanspraak op makken. Tsjin [[1776]] wie it lykwols fannijs oarloch mei de Sjâny, dy't har doe by de [[Sjeroky (folk)|Sjeroky]] joegen. Oerfallen tusken Yndianen en blanke kolonisten giene troch oant nei de [[Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch]] ([[1774]]-[[1783]]).
 
Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch stiene de measte Westfirginianen oan 'e kant fan 'e [[rebel]]len. Yn [[1780]] en [[1781]] fûn yn it gebiet lykwols [[Claypools Rebûlje]] plak, wêrby't in diel fan 'e befolking fanwegen [[oarlochswurgens]] wegere om noch langer [[belesting]] ôf te dragen oan it revolúsjonêre regear fan 'e jonge [[Feriene Steaten]]. Fan [[1776]] oant [[1863]] stie West-Firginia ornaris bekend as 'Trans-Allegheny-Firginia', oftewol Firginia oarekant it [[Allegheny-berchtme]]. It gebiet wie doedestiden, fanwegen it [[berch|bercheftige terrein]], dat de fêstiging fan grutte [[katoen]]- of [[tabak]]splantaazjes ûnmooglik makke, ien fan 'e earmste dielen fan it rike Firginia, en de bewenners wiene oanhâldend ûntefreden oer de ûnderrepresintaasje fan harren krite yn it [[Steatskongres fan Firginia]].