Irak: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
L st
 
Rigel 36:
Yn [[1979]] waard [[Saddam Hoessein]] de machtichste man yn de [[Ba'ath-partij]] en dêrmei ek fan it lân. Troch him waard op hurdhandige wize in ein makke oan alle opposysje.
 
Under syn bewâld fierde Irak in sân jier-duorjende kriich mei buorlân [[Iran]], de [[Iran-Irakoarloch]]. Tagelyk mei de oarloch fûn ek de [[al-Anfal-kampanje]] plak, derdêr't de [[Koerden]] by twongen waarden te ferfarren om plak te meitsjen foar [[Arabieren]]. De oanfal op it doarp [[Halabja]] wie hjir in part fan.
 
Op [[2 augustus]] [[1990]] anneksearre Irak it folle lytsere buorlân [[Koeweit]]. Dit wie it begjin fan de [[Golfoarloch]]. Koeweit waard yn 1991 troch in ynternasjonale koalysje befrijd yn de militêre operaasje ''Desert Storm''. It loftrek yn it noarden en it suden fan Irak waard dêrnei oernommen troch de Feriene Steaten, Frankryk en Grut-Brittanje, neffens de útkomst fan FN-resolúsje 688.