Sâltkamp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
L st; taal
Rigel 13:
De befolking bestie lange tiid meast út soldaten en foel bestjoerlik diels ûnder [[Fjouwerhuzen (De Marne)|Fjouwerhuzen]] en foar in part ûnder [[Houwersyl]]. Yn 1835 waard de earste tsjerke boud. Yn 1851 wienen der 660 ynwenners. Yn [[1858]] waard it [[Hunzegoakanaal]] groeven en ferbettere de posysje fan it plak mei't skippen der better komme koene. Oant 1877 hie it doarp in fearferbining oer it Reitdjip. Yn dat jier waard it Reitdjip tusken Sâltkamp en [[Nittershoeke]] lykwols ôfsletten mei [[slûs|sluzen]] en krige it doarp in ferbining mei de oare kant troch in brêge en lei it doarp minder isolearre.
 
De yndustry wie foaral op de fiskerij rjochte; de froulju arbeiden yn de pleatslike fabriken. Begjin 20e iuw berikte de Sâltkampske ekonomy syn hichtepunt. Efkes earder, yn 1883, fergiene 3 fiskersskippen yn in swiere stoarm, derdêr't 9njoggen minsken it libben by ferlernen. Ta harren neitins waard letter in monumint op de dyk set. Nei 1920 makke de grenatefiskerij opgong. Twa jier letter kaam der in [[Spoar Winsum - Sâltkamp|spoar nei Grins]], sawol foar it ferfier fan persoanen as fisk. Tusken 1930 en 1933 waard in grut haventerrein oanlein en waard in fiskhal boud.
 
=== Twadde Wrâldkriich ===