Westerwâldske Aa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Rin: tsss
L →‎Rin: --
Rigel 6:
 
== Rin ==
De rin fan de Ruiten Aa begjint hjoed-de-dei oan de eastlike râne fan [[Ter Apel]]. Dêrnei rint er, yn bytsje kringeljend, nei it noarden. It doarp [[Sellingen]] leit tusken de rivier en de parallel lizzende [[Ruiten Aakanaal-Aa-kanaal]] beëasten it doarp yn. Tsien kilometer nei it noarden rint it wetter tusken [[Vlagtwedde]] en [[Onstwedde]] en rint gear mei de Mussel Aa. Op dat plak begjint de Westerwâldske Aa.
 
Dêrnei rint er troch [[Wedde]] en dan eastlik by [[Blijham]] del. By de [[útbuorren]] [[De Bult (Westerwâlde)|De Bult]] by [[Aldeskâns]] mûnet de [[Pekel A]] yn de rivier út. Dêr wei is skipfeart yn de rivier mooglik. Justjes foar [[Bad Nijeskâns]] komt it [[B.L. Tijdenskanaal]] út yn de rivier. Dêrnei rint it rivierke by Bad Nijeskâns del nei it noarden dêr't it yn de [[Doalert]] útmûnet. Fan Bad Nijeskâns ôf foarmet de rivier de ryksgrins tusken Nederlân en Dútslân.