Ruiten-Aa-kanaal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
 
red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Locatie Ruiten-Aa Kanaal.png|thumb|Lokaasje fan it Ruiten-Aa-kanaal]]
[[Ofbyld:Wollinghuizersluis in het Ruiten-Aa-kanaal.jpg|thumb|Slûs by Wollinghuizen]]
It '''Ruiten-Aa-kanaal''' is in [[kanaal]] in it easten fan [[Grinslân]] tusken [[Veelerveen]] en [[Ter Apel]]. It tsjinnet foar it ôfwetterjen en is tagelyk ek te befarren foar de rekreaasjefeart, dochs hat itmei in beheinde djiptegongdjipgong. By Ter Apel ferbynt it kanaal mei it Ter Apelkanaal en yn Veelerveen komt it tegearre mei it [[Mussel-Aa-Kanaal]] yn it [[B.L. Tijdenskanaal]]. It Ruiten-Aa-kanaal leit beëasten de lytse rivier de [[Ruiten Aa]], dêr't it nei neamd is, en dêrfan't it in grut part fan de funksje foar wetterôffier oernaam. By [[Vlagtwedder-Veldhuis]] ûnderbrekt in lieding de rin fan dy [[beek]], en fiert it grutste part fan it wetter fan de Ruiten Aa op de hichte fan [[Vlagtwedde (plak)|Vlagtwedde]] ôf oer it Ruiten-Aa-kanaal.
 
It Ruiten-Aa-kanaal ûntstie op oansetten fan de ''[[Vereniging ter bevordering van de kanalisatie van Westerwolde]]'', dy't oprjochte waard troch [[Boelo Luitjen Tijdens]]. Dy feriening wie ornearre en help [[Westerwâlde]] tsjin de wetteroerlêst dy't ûntstie nei de [[feanterij]] fan it [[Boertanger Fean]]. Yn [[1920]] kaam it Ruiten-Aa-kanaal ree. It hie tagelyk in ôfspjalting nei [[Bourtange]] en krige acht slûzen: