Ruiten Aa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
red
Rigel 11:
De delling fan de Ruiten Aa is tige breed foar in lytse stream. Yn de lêste [[Iistiid]] streamde de [[Iems]] troch Westerwâlde. Letter hat dy rivier syn rin ferlein. De Ruiten Aa is it oerbliuwsel dêrfan. De Ruiten Aa streamt by Laudermarke de âlde delling fan dy rivier yn nei it noarden ta. Besuden Vlagtwedde spjalt de Ruiten Aa him. It eastlike part dat troch Vlagtwedde rint, hjit [[Veelerdiep]] en it westlike part hâldt de namme Ruiten Aa. Tusken Wessinghuizen en [[Wedde]] komme beide streamkes wer byïnoar. It ''Veelerdiep'' is in oerbliuwsel fan it besykjen yn de [[fyftjinde iuw]] en graaf in kanaal tusken de Iems en de Westerwâldske Aa. Dat wie ornearre foar in ferbining fan it [[Bisdom Múnster]] nei de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] om de tol by Emden te ûntrinnen.
 
By it rivierke del binne noch in soad oerbliuwsels fan it [[iesdoarp]]egea. Rûne ikkers op heger sângrûn wikselje ôf mei leger lân yn de delling, dy't oarspronklik [[greidegreidlân]]lân wie. Fan de beamwâlen en de lytse bosken dy't it gea in parkeftich oansjen joegen, is dêrfan by de [[ruilferkaveling]]s in soad oprêden.<br>
De delling fan de Ruiten Aa wie wynliken as in rêchbonke foar Westerwâlde, dat yn in grut [[fean]]gebiet, it [[Boertanger Fean]], lei. Dat feangebiet is no foar it grutste part oanmakke.
 
De funksje foar de wetterôffier fan Westerwâlde fan de Ruiten Aa naam ôf nei it graven fan it [[Ruiten-Aa-kanaal]], it [[Mussel-Aa-kanaal]] en it [[B.L. Tijdenskanaal]] tusken [[1911]] en [[1920]]. Dêrby waard besuden Vlagtwedde de rin fan de Ruiten Aa ûnderbrutsen en wurdtwaard it wetter oer in lieding nei it Ruiten-Aa-kanaal laat. By de ruilferkavelings nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waard de rin fan de Ruiten Aa op in soad plakken kanalisearre. Dat waard koartlyn lykwols weromdraaid. It rivierke hat syn [[meander]]s weromkrigen.
 
It gea om de Ruiten Aa hinne is part fan de [[ekologyske haadstruktuer fan Nederlân]], dêr't in soad grûn natuergebiet wurden wie. By [[Wollinghuizen]] en by [[Sellingen]] waarden de meanders werombrocht.
 
Benoarden Smeerling binne de natuergebieten yn behear fan [[Steatsboskbehear]]. Dêr binne ek noch inkelde [[Dún|rivierdunen]] by in âlde rin fan de Ruiten Aa.
 
{{boarnen|boarnefernijing=