Christiaan Kuitwaard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ref
L [[]]
Rigel 19:
| webside = www.christiaankuitwaard.nl
}}
'''Christiaan Kuitwaard''' ([[Snits (stêd)|Snits]], [[9 jannewaris]] [[1965]]) is in Nederlânsk [[learaar]] en [[keunstner]] út [[Aldeberkeap]]. Kuitwaard
 
Op syn sechttjinde oant syn tweintichste wie hy beropsmilitêr by de Keninklike Marine. Yn 1985 en 1986 folge hy in keunstnersoplieding oan de [[Akademy Minerva]] yn Grins en oan de keunstakademy Constantijn Huygens yn Kampen. Sûnt 1997 jout er les yn Kreativiteitssintrum It Hearrenfean (de Cirkel, A7, Ateliers Majeur). Yn 2015 ûntfong er de [[Hannie Mein Keunstpriis]].
 
Yn syn skilderijen, tekeningen en akwarellen ûndersiket hy benammen de wurking fan ljocht en skaad. De sjenres binne konseptueel, mar ek figuratyf of abstrakt. By syn skilderjen tinkt er yn trijen: wyt (ljocht), swart (dûnker) en it griis dat dêr tusken sit. De ekspresje bart benammen troch weilitten, want ''skilderjen is relativearjen''. Faak binne it ferstille objekten en ferstille lânskippen lykas kontoeren fan beamstammen by yn de bosk wyls de foar- en eftergrûn yn elkoar oergean.<ref>[https://www.melklokaal.nl/christiaan-kuitwaard.html Melklokaal oer it wurk fan CK]</ref> It binne faak de ienfâldige dingen dy't by skilderjen ferwûndering en ferstilling oproppe. Kuitwaard wurket gear mei dichters as [[Eeltsje Hettinga]] en [[Jan Kleefstra]]. Mei Jan Kleefstra wurket hy oan in boek oer it Fryske lânskip.<ref>[https://www.lc.nl/friesland/Christiaan-Kuitwaard-en-Jan-Kleefstra-leggen-elke-vrijdag-een-stukje-Friesland-vast-24184341.html Ljouwerter Krante, 17 febrewaris 2019]</ref><ref>{{aut|Jan Kleefstra}} - ''Veldwerk, bijzonder boek over het verdwijnen biodiversiteit in Friese natuur'' (2020); Utjouwerij Wijdemeer, ISBN 9789492052629</ref>
 
 
== White paintings ==