Ferskil tusken ferzjes fan "Kamp-Lintfort"

red
(Side makke mei "{{Stêd mei flagge| Ofbyld= 300px ''Barokke tún mei Kleaster Kamp'' | Flagge= 100px | Wapen= File:DEU Kamp-...")
 
(red)
 
Webside= [https://www.kamp-lintfort.de/ kamp-lintfort.de] ||
}}
'''Kamp-Lintfort''' is in stêd yn de [[Kreis Wesel]] yn de [[Dútslân|Dútske]] [[dielsteat]] [[Noardryn-Westfalen]].
 
== Skiednis ==
==== Prehistoarje ====
De âldste resten fan in delsetting op it plak dêr't hjoeddedeihjoed-de-dei Kamp-Lintfort leit datearje út it [[neolitikum]] (3000-1800 f.Kr.). Yn de tiid fan de Romeinen lei it plak yn it grinsgebiet tusken it [[Romeinske Ryk]] en [[Germaanje]].
 
==== Midsiuwen ====
De earste fermeldingfernijing fan it plak giet werom op in dokumint út 856. Op 31 jannewaris 1123 waard mei stipe fan de [[Keulen|Keulske]] [[aartsbiskop]] Freark I it earste [[Sistersjinzers|sistersjinzerke]] [[kleaster]] fan Dútslân stifte. Fanút Kamp waarden nochris likernôch 100 oare sistersjinzerske kleasters stifte oant yn de [[Baltikum|baltyske lannen]] ta. Nei de Keulske Kriich (1583 oant 1588), in konflikt dat ûnstie troch't de Keulske aartsbiskop Gebhard I fan Waldburg op it [[protestantisme]] oergie, ferliet de lêste abt it kleaster. Pas yn 1640 kamen de earste sisterzjinzers werom en bouden op it plak it kleaster op 'e nij op.
 
==== Nije tiid ====
Nei it begjin fan de [[Tritichjierrige Kriich]] (1620) setten de SpanjaardenSpanjerts útein mei it oanlizzen fan de ''Fossa Eugeniana'', in kanaal dy't de [[Ryn]] mei de [[Maas]] ferbine moast. It kanaal rûn fuort lâns it kleaster. Yn Kamp-Lintfort waarden boppedat meardere [[skâns]]en oanlein om it gebiet tsjin de Nederlanners te ferdigenjen.
 
Yn 1794 foelen de [[Frankryk|Frânsen]] it [[Rynlân]] yn. De [[sekularisaasje]] waard ynfierd en foar de abdij fan Kamp betsjutte dat yn 1802 it ein fan it bestean. De kleastergebouwen waarden hast allegear ôfbrutsen, mar de kleastertsjerke bleau bestean as in [[parochy]]tsjerke. Nei de delgong fan [[Napoleon Bonaparte]] waarden de gebieten oan de lofter kant fan de Ryn oan [[Prusen]] oerdroegen.
==== 20e iuw ====
[[File:Schachtanlage FH1 Tag.jpg|thumb|left|250px|<center>De skacht Friedrich Heinrich</ccentercenter>]]
De bou fan de myn Friedrich Heinrich brocht grutte feroarings yn it foarhinne agraryske karakter fan de kontrijenkontreien. Tegearre mei de Niederberg-myn yn [[Neukirchen-Vluyn|Neukirchen]] foarme de myn de meast westlike grins fan de koalenwinningkoalewinning yn it [[Ruhrgebiet]]. De mynbou waard fierder útwreide en tegearre mei de bou fan in nije stienfabryk ûnstie in hiele nije delsetting op de frije flakte. Troch de oanwaaks fan in befolking út oare dielenparten fan it lân feroaren ek de religieuze ferhâldings fan de befolking. Oarspronklik wie de befolking hast hielendal katolyk, mar yn 1914 waard der in protestantske needtsjerke boud, dy't yn de jierren 1928-1930 ferfongen waard mei de bou fan de ''Christuskirche''.
 
Yn 1934 fûnwie der in weryndieling plaken werby'twaard Kamp mei de doarpen Kamperbruch, Lintfort, Rossenray en Saalhoff gearfoege waard ta de gemeente Camp-Lintfort, wêrfan't watdat letter de skriuwwizekreaun feroarewaard ynas Kamp-Lintfort.
 
De bombardeminten op Dútslân yn de [[Twadde Wrâldkriich]] brochten benammen skea oan de dielen dy't tichteby de minen leine. Doe't de alliearre opmars yn de maaitiid fan 1945 nadere rekke ek it Kleaster Kamp slim skeind.
 
== Befolkingsûntwikkeling ==
Oant yn it begjin fan de 20e iuw wennen der hast gjin minsken opyn it tsjintwurdige stedsgebiet. Bûten de stedsdielen Kamp en Hoerstgen wiene de oare gebieten tige tin befolke. Yn 1910 lei it ynwennertal op sa'n 3.000 ynwenners, mar oant 1939 wie it tal troch de mynbou tanommen oant 23.300. De measte nije bewenners wiene ôfkomstich út it easten fan it lân of út Poalen. Nei de Twadde Wrâldkriich waarden nije wiken boud en yn 1960 lei de befolking fan de gemeente al op likernôch 35.000. Oant 1995 bleau de befolking tanimmen oant 41.000, mar sûnt dy tiid sakket it ynwennertal troch û.o. it fermindere belang fan de koalenwinning stadich.
 
{| class="wikitable" style="width:450px"
82.456

bewurkings