Ferskil tusken ferzjes fan "It ûntstean fan de namme 'De Tynje'"

L (st)
 
De Heeren Compagnons mei in soad jild namen de saak oer fan de Dekema's en doe waard echt wurk makke fan de lange Hearrefeart mei syn trije rekken en twa setten. De rekken koenen doe wier befearn wurde troch turfskûten, sa't it doel fansels west hie. En de setten moasten safolle mooglik iepen bliuwe. Gjin tichtsetten mear, mar nijmoaderige houten bouwurken: oan wjerskanten in lânhaad en dêr losse balken oerhinne.
Sa ûntstie in smelte yn de feart, dêr't skippers net te hurd op tasile mochten. Alhiel net as de balkbrêge troch de boeren brûkt waard. De hearen pommeranten makken sels in reglemint, mei boetebepalings en al. Om op it tapassen dêrfan ta te sjen waard by de Tynjeset in 'tynjeman', Roelof Johannes(soan) te wenjen set, in Lúkswâldster fansels.
By de Wynjeset hie dat net folle doel want dy lei suver yn de bocht tusken it Skitersrek en it Langerek. Dan wol in skipper mei net te folle op út himsels wol ynhâlde. Mei in stûfe súdwester op 'e kont koe in skûte op it Skitersrek wol útein komme <ref>Dat soe ek de nije namme fan it rek ferklearje kinne</ref>.
82.457

bewurkings