Dominus flevit: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 36:
De [[Itaalje|Italjaanske]] arsjitekt [[Antonio Barluzzi]] joech de tsjerke de foarm fan in trien. Dêrmei symbolisearre de arsjitekt it fertriet fan Kristus oer de oansteande ferneatiging fan Jeruzalim. Neffens it evangeelje fan Lukas waard Jezus op de tocht nei Jeruzalim oandien troch it lot dat de stêd en syn befolking wachte. Likernôch fjirtich jier letter, yn it jier 70, waard de foarsizzing fan Jezus werklikheid. Romeinske legers belegeren Jeruzalim en nei seis moannen fjochtsjen waard de Twadde Timpel ferneatige en de stêd mei de grûn lyk makke.
 
Oant it [[Krústochten|krúsfarderstiidrek]] stie der gjin kapel of tsjerke op de lokaasje derdêr't Jezus om de stêd gûlde. Yn dy tiid wie der foar it earst ferearing op it plak dêr't de tsjerke no stiet. In lytse kapel waard boud, mar nei de fal fan Jeruzalim yn 1187 rekke de kapel yn ferfal. Oan it begjin fan de 16e iuw stie op it plak en moskee of koranskoalle, nei alle gedachten boud troch de Turken mei gebrûk fan it materiaal fan de kapel, al is de funksje fan dat gebou noch altiten net dúdlik.
 
It slagge de Fransiskanen net om de ruïnes oan te keapjen en dêrom kochten se in stik lân tichteby om dêr in kapel te bouwen. Yn 1913 waard foar de kapel in partikulier hûs boud, dat letter yn hannen oergyng fan de kongregaasje fan de Susters fan Sint-Joazef, dy't it lang om let wer ferkochten oan in [[Portugal|Portugeeske]] frou. Yn 1940 ferkochten de [[Benediktinen|benediktynske]] susters in diel fan it ûnreplik goed oan de Fransiskanen.