Untsliepeniskatedraal (Vitebsk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
L st
Rigel 34:
 
== Skiednis ==
Al yn [[Heidendom|heidenske]] tiden wie de heuvel dêr't de tsjerke op stie in hillich plak. It âldste dokumint derdêr't in [[Kristendom|kristlik]] bouwurk op it plak yn neamd wurdt datearret fan 1406. Nei't tsaar [[Peter de Grutte|Peter]] yn de [[Grutte Noardske Kriich|Noardske Kriich]] de stêd yn 1708 yn brân stekke liet waard yn de jierren 1743—1777 op de lokaasje in barok kleasterkompleks boud.
[[File:Viciebsk, Pračyścienskaja hara. Віцебск, Прачысьценская гара (1895).jpg|thumb|left|<center>''De katedraal yn 1895''</center>]]Nei de ûntbining fan dit [[Poalsk-Litouske Mienebest]] droech tsaar [[Paul I fan Ruslân|Paul I]] op 18 july 1799 de [[Wyt-Russyske Gryksk-Katolike Tsjerke|gryksk-katolike]] tsjerke oer oan de otterdokse mienskip. Yn 1804 waard in grutte koepel boppe it preesterkoer tafoege en waard de barokke gevel yn klassistyske styl ferboud.