Sula Sgeir: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
 
Rigel 4:
'''Sula Sgeir''' ([[Skotsk|Skotsk Gaelysk]] basearre op it [[Aldnoarsk]]e: ''súla'', "gint" en ''sker'', "skerry") is in lyts, ûnbewenne [[Skotlân|Skotsk]] eilân (mei rotspunten, ''stacs'' rûnom) yn de Noard-[[Atlantyske Oseaan]], 18 km bewesten [[Noard Rona]]. It is meast bekend fan syn populaasje Noardske [[Gint (fûgel)|Ginten]].
 
It eilân liket ûngastfrij foar minsken, dochs is der in ruïne fan in stiennen hûske mei de namme ''Taigh Beannaichte'' (Hûs derdêr't seine op rêst) oan de eastkant fan Sgeir an Teampaill. De hurde rotsen dêr't it eilân fan makke is, binne gaadlik foar it meitsjen fan stiennen bousels, mar it makket it rinnen dreech.
 
De see hat op it súdlik part fan it eilân grotten en hoalen makke dy't faak mei-elkoar ferbûn binne. De lytse fjoertoer op de súdpunt fan Sròn na Lice rekket geregeldwei skansearre troch de Atlantyske weagen by stoarmwaar.