Edward Hopper: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L st
Rigel 28:
Fan 1905 ôf arbeide Hopper as [[yllustrator]] foar [[Reklame|reklameburo]]os (meast foar C. C. Phillips & Co.) om troch de tiid te kommen; hy die at wurk 20 jier lang, mar beskôge it net as it skeppen fan keunst. Yn 1913 die er mei oan de [[Armory Show]] yn New York City en ferkocht dêr foar 250 dollar syn earste skilderij, ''Sailing''. Nei 1915 makke der in stikmannich etsen dy't net sa bekend binne; Hopper koe lykwols oant syn 42 jier net fan it skilderjen allinne libje.
 
Yn 1923 krige Hopper yn [[Gloucester (Massachusetts)]] kunde oan de skilderes [[Josephine Hopper|Josephine Nivison]] mei wa't er op 9 july 1924 troude. Sy joech it skilderjen op en waard it [[Model (persoan)|model]] dat op in protte fan Hoppers wurken te sjen is. Sy wie ek dejinge dy't foar Hoppers meidwaan oan in ynternasjonale tentoanstelling yn it [[Brooklyn Museum|Brooklyn Museum of Art]] bemiddele, dat foar Hopper de trochbrek betsjutte. It Brooklyn Museum of Art kocht it skilderij ''The Mansard Roof'' foar 100 dollar oan. It wie it twadde skilderij day Hopper ferkeapje koe. Itselde jier wie ek syn earste solotentoanstelling yn de galery fan Frank Rehn, derdêr't er oant syn dea ta eksposearjen bliuwe soe.
 
[[Ofbyld:3 Washington Square North, NYC.JPG|thumb|De went fan de Hoppers yn New York City, 3 Washington Square North]]